RTV NOF kin 'Omroep van het Jaar' wurde

23 maaie 2019 - 14:45

Streekomrop RTV NOF is nominearre foar de titel Omroep van het Jaar 2019. De ferkiezing wurdt organisearre troch de Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen. RTV NOF is de omrop foar Noardeast-Fryslân en Dantumadiel.

Foto: RTV NOF

Foarsitter Marco Keizer fan RTV NOF

RTV NOF makket mei mear as hûndert frijwilligers radio, tv en ynternet. Bekende programma's binne bygelyks Rûnwei Sport en de Weekend Nieuwsshow. Mei-inoar binne acht omroppen nominearre. Dy moatte no in presintaasje jaan foar in faksjuery, dêr't ûnder oare direkteur Jurre Bosman fan de NPO en sjoernalist Ton Verlind yn sitte.

De winner wurdt op freed 14 juny bekend makke op de Avond van de Streekomroep yn Beeld en Geluid yn Hilversum. Neist de priis foar de bêste streekomrop wurde dan ek prizen útrikt foar radio- en tv-programma's en talintfolle jonge presintatoaren.

De acht nominearren binne:

1. Omroep Venlo (Venlo)
2. Studio040 (Eindhoven)
3. 1Twente (Enschede)
4. OOG (Grins)
5. WOS Media (Westland)
6. RTV NOF
7. Dtv Nieuws (Den Bosch)
8. Studio Alphen (Alphen aan den Rijn)

Trefwurden: 
RTV NOF lokale omrop
(Advertinsje)
(Advertinsje)