Fries Museum lit deminte âlderen opbloeie mei skilderijen

23 maaie 2019 - 14:33

In besite oan in museum is foar in soad minsken in útstapke dêr't se net al te lang oer nei hoege te tinken. Je pakke de auto of fyts en je binne sa by de keunst. Mar hoe is dat as je âlder binne, of as je demint binne? It Fries Museum wol ek dizze minsken by de keunst belûke, en hat yn gearwurking mei de KwadrantGroep in spesjaal programma opset.

Foto: Fries Museum

In team museumdosinten hat in spesjale training krigen om minsken mei deminsje rûnliedingen te jaan. Minsken mei demintens hawwe gauris problemen mei it koartetermyngeheugen, en om dêr omhinne te wurkjen wurdt by de nije rûnlieding krekt it langetermyngeheugen oansprutsen. De minsken krije hjirtroch mear selsfertrouwen, en binne sosjaal mear yn kontakt meiinoar.

Neffens it museum en de KwadrantGroep moatte musea foar elk tagonklik wêze. Foar alle leeftiden, alle eftergrûnen en foar sawol minsken sûnder as mei beheining. Bewenners fan ferpleechhûs Parkhoven wiene ien fan de earsten dy't de nije rûnlieding krigen hawwe.

Workshops

Njonken spesjale besites wol it museum de keunst ek nei de minsken ta bringe. Dit is wichtich foar dejinge dy't min rinne kin. In foarbyld hjirfan is de 'Keunspraat-middei'. In museummeiwurker nimt dan in keunstwurk of erfguodstik mei, en praat dan mei minsken oer dizze objekten. Dizze petearen kinne bygelyks helpe om persoanlike herinneringen wer nei boppe te heljen.

Opbloeie fan in skilderij

Ester Kuiper, lid fan de Ried van Bestjoer fan de KwadrantGroep, is wiis mei de gearwurking mei it Fries Museum. "Tijdens Culturele Hoofdstad 2018 hebben we intensief samengewerkt en het is mooi dat we dit voort kunnen zetten. Ieder mens is anders en wordt blij van andere dingen. De een puzzelt graag en de ander bloeit op van een schilderij."

Trefwurden: 
Fries Museum Kwadrantgroep
(Advertinsje)
(Advertinsje)