146 learlingen makken it eksamen Frysk

23 maaie 2019 - 13:20

It is tongersdei de lêste dei fan de eksamens op de havo en it vwo. En dat is ek altyd de dei fan de frjemde moderne talen: Arabysk, Russysk, Spaansk, Turksk en Frysk! Dit jier ha 146 learlingen fan middelbere skoallen meidien oan it eksamen Frysk, fjouwer minder as in jier lyn. De 91 vmbo'ers wiene woansdei oan bar en tongersdei koene de 27 havisten en 28 vwo'ers oan de slach.

Op OSG Singelland yn Drachten diene fjirtjin learlingen it eksamen Frysk: acht fan de havo en seis fan it vwo. "De havo hat meastal trije teksten, no twa", fertelt dosinte Ans Wallinga. "Dus dat is even oars. De earste tekst gong oer jaan en krije. Dus ast in kado krijst, hoe giest dêr mei om? En ek hoe'tst in kado jaan moatst, de etikette om it jaan en krijen fan kado's. En de twadde gong oer sliep. Ik fûn it hiel aardige teksten."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Havist Wieger tinkt dat er it wol hellet. Mar de kop fan de tekst oer sliep fûn er net passen: "Dy tekst hjitte 'Europa sliept te min'. Mar ik fûn it net echt oer Europa gean spesifyk. It hie ek wol 'Nederlân sliept te min' wêze kinnen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Krekt as by de havisten, krigen de vwo'ers twa teksten foar de noas. Wallinga fûn it 'pittige' teksten, mar Hiske, dy't it eksamen dien hat, fûn dat wol tafallen. "Op himsels wol, ja. Ik fyn it wol wat itselde as it eksamen Nederlânsk. De taal is oars, it nivo is krekt wat leger, mar kinst it wol mei-inoar ferlykje. Twa teksten en yn totaal 38 fragen."

Foar dy fragen hiene de learlingen 2,5 oere de tiid. Op woansdei 12 juny krije de learlingen te hearren oft se slagge binne of net.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra seach by de eksamens op it Singelland

Trefwurden: 
Frysk eksamens
(Advertinsje)
(Advertinsje)