Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost nei de simmer oanpakt

23 maaie 2019 - 13:00

De Alde Dyk tusken Koatstertille en Bûtenpost sil nei alle gedachten pas nei de simmerfakânsje oanpakt wurde. Op de dyk wurde maatregels naam om de snelheid fan it ferkear te ferleegjen, en om slûpferkear tsjin te gean.

Foto: Achtkarspelen

Yn earste ynstânsje wie it de bedoeling om de Alde Dyk folslein foar it ferkear ôf te sluten, mar de gemeenteried wie it dêr net mei iens. De maksimumsnelheid op it stik dyk is op dit stuit 60 kilometer yn 'e oere, mar in soad auto's hâlde har hjir net oan. Dit smyt gefaarlike sitewaasjes op foar fytsers en skoalgeande bern.

It plan is no om snelheidsremmers yn de dyk oan te bringen, en om de krusing fan de Alde Dyk mei it Nonnepaed en de Miedwei oan te passen sadat de rûte minder oanloklik is foar ferkear tusken Koatstertille en Bûtenpost.

Trefwurden: 
Achtkarspelen Alde Dyk
(advertinsje)