UPDATE; Tsientallen meters slachtôffal op A7 is opromme

Slachtôffal hat foar in file fan inkelde kilometers soarge op de A7. De file stie by Lúkswâld, yn de rjochting fan It Hearrenfean nei Drachten. In frachtwein hat it slachtôffal troch in stevige remaksje ferlern. It leit oer in lingte fan tsientallen meters oer de dyk.
Slachtôffal
De rjochter rydstrook is ôfsletten om de slachtsmots op te romjen. Dêr is in saneamde ZOAB-cleaner foar ynskeakele. Om likernôch 15.30 oere wie de hiele dyk wer frijjûn. It ferkear hoegde net om te riden, want ien rydstrook bleau iepen.
© CAMJO media / Jaring Rispens