Opkomst yn Fryslân om 11 oere tusken de 7 en de 24 prosint

23 maaie 2019 - 11:27

Yn de earste opkomstsifers foar de ferkiezingen foar it Europees Parlemint binne grutte ferskillen te sjen. Sa hat om 11 oere moarns al 24% fan de minsken te stimmen west op Skiermûntseach. Wylst de opkomst yn Opsterlân om deselde tiid hinne op 7 prosint lei.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De opkomstsifers foar de rest fan de provinsje lizze rûchwei om de 10 prosint hinne. Sa hawwe der yn Harns 1036 minsken te stimmen west; dat is 8,3% fan it totaal fan 12.419 minsken dy't offisjeel stimme meie yn de gemeente.

Op It Amelân leit it opkomstsifer om 11 oere op 14 prosint, wylst yn Smellingerlân 12 prosint fan de minsken te stimmen west hat. Yn Achtkarspelen bliuwe se wat achter op dizze sifers: dêr lei de opkomst op 7,98%. Yn totaal hawwe der yn Achtkarspelen om 11 oere hinne 2183 te stimmen west.

It opkomstsifer fan de gemeente It Hearrenfean is in oere earder opnaam: om 10 oere hie dêr 6 prosint fan de minsken nei de stimbus west.

Der kin noch oant 9 oere fannejûn stimd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)