Nije namme De Friesland Zorgverzekeraar: 'De Friesland'

23 maaie 2019 - 09:43

De Friesland Zorgverzekeraar giet tenei as 'De Friesland' troch it libben. Sûnder it wurd Zorgverzekeraar dus. It wie al bekend dat de namme net bot feroarje soe.

Neist in nije namme hat it fersekeringsbedriuw ek in nij logo krigen. Kommende tiid giet it bedriuw mei promoasje troch de provinsje, om de nije namme bekendheid te jaan.

"Het was de volksnaam al. We blijven wie we zijn", seit direkteur Steven Hofenk fan De Friesland. "Dat is de ene kant en aan de andere kant zit er ook wel de vernieuwing in doordat het woordje 'zorgverzekeraar' afvalt en we echt toe willen naar De Friesland als dienstverlener voor Friesland en de regio Noord-Nederland."

Oer de kosten fan de nammeferoaring wol Hofenk net folle kwyt. "We proberen het zo laag mogelijk te houden, ook al omdat we bezig zijn met verhuizingen." De Friesland ferhuzet takom simmer fan de Harnzertrekwei nei it gebou fan Achmea oan de Sophialeane yn Ljouwert. Yn in heal jier tiid wurdt de âlde hûsstyl stadichoan ferfongen troch de nije, mei bygelyks it nije logo en nij briefpapier, seit Hofenk.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Direkteur Steven Hofenk fan De Friesland

De soarchfersekerder begjint no ek mei in kampanje om fan Fryslân de sûnste provinsje fan Nederlân te meitsjen. It gesicht dêrfan wurdt turner en dokter Epke Zonderland. Neffens him is Fryslân perfekt foar kuierjen, hurdrinnen, fytsen en wettersport.

Turner en dokter Epke Zonderland, it nije gesicht fan De Friesland

Trefwurden: 
De Friesland fersekerder
(advertinsje)
(advertinsje)