Europeeske ferkiezingen belangryk foar boeren

23 maaie 2019 - 09:11

By de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint steane der foar boeren in soad jild en belangen op it spul. Ien fan de earste grutte saken dêr't it nije parlemint in beslút oer nimt, is it lânboubelied. Neffens distriktsfoarsitter Trienke Elshof fan LTO Noord binne de ferkiezingen dêrom hiel belangryk foar de boeren.

Foto: Omrop Fryslân

It kin neffens Elshof net sa wêze dat der hieltyd mear fan boeren frege wurdt, op it mêd fan duorsumens, miljeu en natuerfreonlik buorkjen, wylst tagelyk de subsydzjekraan tichtgiet. Benammen Nederlânske boeren binne ôfhinklik fan stipe troch de EU.

Elshof is pro-Europa en foar iepen grinzen. "Ja, absolút. Ik kin my hast net foarstelle dat we wer mei in paspoartsje oan de grins by Nederlân, België of Dútslân stean moatte. Ek foar 'eenduidige' regels, dat boeren yn Frankryk of Dútslân en yn Nederlân op deselde manier har produkten produsearje kinne en ûnder gelikense omstannichheden."

Tagelyk is Nederlân in lytse spiler yn Europa en kinne regels oars útfalle as hoe't wy it hjir ha wolle, sa as by de pulskfiskerij dy't yn april definityf ferbean waard troch it Europeesk Parlemint. Neffens Elshof wurde der faak besluten naam op basis fan emoasje en wurdt der net goed sjoen nei de ûnderlizzende arguminten.

"Pulsfiskerij is net skealik, minder skealik as de tradisjonele fiskerij, en dochs hâldt it gjin stân", seit Elshof. "Dat sjochst mei bepaalde gewaaksbeskermingsmiddels ek. Men nimt dêr in beslút oer en ferfolgens moatst swierdere middels brûke om itselde resultaat te berikken. Dus dêr wurdt net altyd goed oer neitocht."

Belangrike punten foar de boer by dizze ferkiezingen binne de derogaasje, de gewaaksbeskermingsmiddels en in mienskiplik lânboubeleid.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn petear mei Trienke Elshof fan LTO Noord

(advertinsje)
(advertinsje)