Kollum: "Asylsikers"

"Der is alwer in bewâldsman fan Justitie ôfgien. Steatssekretaris Harbers is fuort. Earder gong as steatssekretaris Fred Teeven ek al fuort, en fan itselde ministearje de ministers Ivo Opstelten en Ard van der Steur. De lêste fjouwer, fiif jier giet it net echt lekker dêr. Al is it opstappen fan Harbers al wat nuver.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Der is in list makke fan asylsikers dy't mei justysje yn oanrekking kommen binne, en dat waard in top tsien fan meast bedreaune misdieden yn 2018. Op ien, mei mear as twatûzen fergripen, stiet winkeldieverij. Op twa mei fuortendaliks noch mar in tsiende fan it oantal fan ien, bûsehifkjen. Sa giet dat wat troch mei fernielingen, heling, beledigingen ensafuorthinne, mei op tsien it fergryp dat noch mar tachtich kear foarkommen is. Der binne noch tûzen - en presys tûzen - delikten dy't ûnder it kopke 'overige' foelen. Ophef yn 'e media.
Dêr sieten dus de saken dy't minder as 80 kear foarkommen binne, mar dy't soms wol tige heftich binne, sa as moard en ferkrêfting. Dat is fansels net handich, en it dossier 'asylsikers' leit al sa gefoelich. Al gau rôpen de leden fan 'e Twadde Keamer fan links oant rjochts der skande fan, en op himsels is dat terjochte. Sa bliek al gau dat der 31 fertochte saken fan moard binne. En mei 130 moarden yn totaal yn Nederlân, soe dat betsjutte dat in kwart fan de moarden yn Nederlân útfierd wurde troch asylsikers - allinnich, dat kloppet net.
Undertusken is Harbers opstapt. De VVD koe sa flak foar de ferkiezingen hjir gjin gesoademiter mei ha. Je freegje je wol ôf hoe't dat op it ministearje gien is. De lêste kear dat Harbers dêr nei syn kantoar gien is. Rinnend troch de gongen, wittend dat dêr ien, of in groepke minsken, sit dy't fakkundich in strop om syn holle lutsen hawwe. It ministearje dêr't al safolle bewâldspersoanen út skopt binne. Ik bedoel: je sille de opfolger fan Harbers mar wêze. Kâns is grut dat der op de stoel by de earste gearkomste in skeetkessen klearleit.
Sa't ik al sei: it ferhaal fan 31 moarden kloppet net. Der is in saneamde 'Moordatlas', en neffens de gearstaller binne der yn 2018 hielendal gjin moarden útfierd troch asylsikers. Der binne trije saken dy't noch net hielendal útsocht binne: in Syryske man dy't der fan fertocht wurdt syn frou om it libben brocht te hawwe, en dêrby himsels ek tekoart die, in Iraniër dy't yn Rotterdam nei alle gedachten troch in lângenoat deastutsen waard en in Gryk dy't der fan fertocht wurdt in Kongoleeske man deastutsen te hawwen. Dat binne der dus trije, en net 31, sa't earder sein waard, en dy wurde noch resjersjearre. Undertusken hie elkenien yn 'e media it al oer 31.
Mar dêr komt noch wat by. Kriminaliteit komt ûnder asylsikers faker foar as ûnder de reguliere befolking. Mar in migraasjeûndersiker hat dêr in ferklearring foar yn 'e Volkskrant. 'In de groep asielzoekers komen relatief veel jonge mannen voor. Als je de criminaliteitscijfers vergelijkt met autochtone jonge mannen in dezelfde sociaal-economische positie, dan zie je dat asielzoekers over het algemeen niet vaker betrokken zijn bij misdaad.'
Sjoch, elke moard is der ien tefolle, en foar de neibesteanden is it ferskriklik. Mar it byld dat asylsikers foar mear ellinde soargje, kloppet gewoan net. Ut ûndersyk blykt dat slachtofferskip yn de direkte omjouwing fan asylsikerssintra net tanimt. De sintra steane faak yn omjouwingen mei in legere sosjaal-ekonomyske status, en dêr kinne we fan alles fan fine, mar de buertkriminaliteit is dêr yn 'e regel heger, sa seit it ûndersyk. Fansels soe der minder kriminaliteit wêze as der minder asylsikers binne, mar dat jildt like hurd foar as der minder autochtonen binne.
It punt is dat sokke wierheden net heard wurde wolle troch in belangryk diel fan 'e befolking dat hjoed ek wer nei de stimbus giet mei it idee dat we bedobbe wurde troch geloksikers dy't hjir komme te moardzjen, te jatten en rotsoai te skoppen. Dat dit net wier is, is in boadskip dat totaal net mear oankomt nei sa'n tûke coup fan dy Justitie en Veiligheid-amtners. Wat in slangen.
Fansels is it úteinlik altyd wer de skuld fan 'e media."