Henk de Jong: "Opluchting, it hie beide kanten op kinnen"

Henk de Jong skeakele mei syn klup De Graafschap, SC Cambuur út yn de race om in ticket foar de eredifyzje. Woansdeitejûn ferlearen de Ljouwerters mei 2-0 fan de klup út Doetinchem. Dat wie net genôch, snein waard it nammentlik 1-1 yn it Cambuurstadion. Foar Cambuur betsjut it dat it seizoen der op sit. Henk de Jong moat no yn de finale fan de play-offs sjen oft hy De Graafschap yn de earedifyzje hâlde kin.
© ANP
"Hja sjogge dat it twa kanten opkin, dat is neikompetysjefuotbal." De Jong is dan ek bliid dat de wedstriid der opsit. Yn de wedstriid waard it hieltyd dreger foar De Graafschap om goed fuotbaljen te bliuwen, mar De Jong hat dêr in logyske reden foar: "Wy hawwe 34 wedstriden op de tiennen rûn. De earste helte fan de kompetysje hawwe wy it hiel dreech hân."
"Dêrnei hienen wy it op de rit, doe fuotbalden wy écht hiel goed. Lykas wedstriden by FC Grins en Excelsior en Heracles Almelo thús ferlernen wy, mar dy moast eins dik winne. Doe ebbe it wat fuort. Dan fernimst datst der net rjochstreeks yn bliuwst, dat wurke tsjin ús. Doe waarden wy wat ûnseker."
Cambuur hat ek in soad kansen krigen en it hie wier de oare kant opfalle kinnen, sa'n wedstriid wie it. Neffens De Jong is it dan ek net logysk om der fanút te gean dat in ploech as De Graafschap samar fan in ploech as Cambuur wint. Hy referearret oan Excelsior. Dy degradearren nei it twalûk tsjin RKC Waalwijk.
"Der sit net in soad ferskil tusken de earste tsien fan de Keuken Kampioen Divisie en De Graafschap. Ast yn de neikompetysje sitst, kin Cambuur frijút fuotbalje, want wy moatte der eins ynbliuwe. Onbewust krigest druk. Dat kinst net tsjinhâlde."
Trainer Henk de Jong
Foarôfgeand oan de wedstriden hat De Jong, dy't takom seizoen de trainer fan Cambuur is, him útlitten oer eventueel promovearjen fan Cambuur. De Jong fynt dat Cambuur better ien as twa seizoenen letter promovearje kin. "De kans is grut datst yn de kommende twa jier wer degradearrest. Dan stiet it nije stadion der, mar dan giest wol wer út de earedifyzje."
"Ast no wat letter promovearrest, wurdt de jildstream ek oars. Wurdt der yn dat stadion earedifyzje spile, dan sit it elke wedstriid fol mei 15.000 man. Der binne skyboxen, dus der komt samar in miljoen as oardel by. It leit oan de inkomsten."

Tiid foar fakânsje

Cambuur, it stadion en de ynkomsten dêrby binne soargen foar letter. De Jong moat der no earst foar soargje dat De Graafschap yn de earedifyzje bliuwt. Hy sil net fuort mei de turbo op nei Ljouwert ta. "Ik moat earst even op fakânsje, ek yn ferbân mei de thússituaasje en wat der allegear bard is.
Oer de thússituaasje mei Diana, syn frou dy't siik is, wol De Jong wol wat fertelle. "Thús giet it net top, dêr giet noch folle mear tiid oerhinne. Net yn de ferkearde sin, mar der barre noch bêst wol dingen, dy binne net goed. Dat is gewoan hiel lestich foar ús, foar my. Dat spilet wol mei, dus wy binne ek echt oan rêst ta. Even fuort, even twa wiken net. Ik moat even goed op Diana passe, dan hawwe wy de boel wer op oarder. We regelje fan alles, sadat it goed komt."