LIVEBLOG: De Europeeske ferkiezingen 2019

23 maaie 2019 - 21:24

De njoggende Europeeske ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint sette hjoed útein. Minsken kinne fan 07.00 oant 21.00 oere yn it stimhokje kieze foar parlemintariërs dy't ús lân fan 2019 oant 2024 fertsjintwurdigje yn Brussel.

Der binne twa Friezen dy't goeie kâns meitsje op in sit yn it parlemint: Jan Huitema fan Makkingea, no al Europarlemintariër, en Anja Haga út Dokkum. De útslach fan de ferkiezingen wurdt snein pas bekend makke, om't der yn oare lannen op oare dagen stimd wurdt, en se foarkomme wolle dat útslaggen inoar beynfloedzje.

Folgje dit liveblog foar it lêste nijs oer de ferkiezingen yn Fryslân. Bygelyks oer opkomstsifers en bysûnderheden op de ferskate stimburo's.

22:21
Liveblog slút

Wy slute dit liveblog. Sjoch moarn op ús site en op de Omrop-app foar mear ynformaasje.

21:21
Opkomst oer de hiele dei

Definitive opkomstsifers nei it sluten fan de stimburo's

Opsterlân - 43%
Hearrenfean - 42,18%
Skylge - 60,8%
Skiermûntseach - 80,4%

21:04
Exitpoll: PvdA fiif sitten

De stimburo's binne ticht. De PvdA liket fiif sitten yn it Europeesk Parlemint te krijen. VVD en CDA krije fjouwer, GrienLinks en Forum voor Democratie elk trije. Dat docht bliken út de foarlopige exitpoll fan ûndersyksburo Ipsos yn opdracht fan de NOS.

20:01
Hoe is it yn Wergea?

Ferslachjouwer Onno Falkena op stimburo Wergea

19:30
De lêste opkomstsifers

De opkomstsifers fan nei 17:00 oere:

Smellingerlân 17:00 - 28%
It Amelân 18:00 - 42%
Harns 19:00 - 30,4%
De Fryske Marren 19:00 - 31,86%
Achtkarspelen 19:00 - 28,18%
Tystjerksteradiel 19:00 - 34,35%
Hearrenfean 19:00 - 32,65%
Waadhoeke 19:00 - 31,64%

16:57
Gearfetting fan de ferkiezingsdei oant no ta
16:31

Net allinnich yn Fryslân en Nederlân wurdt hjoed stimd, ek yn Ingelân binne de stimbussen iepen. Nei't de Brexit op de lange baan skood is, moatte se ek dêr nei de stimbus. Op twitter besykje de Britten der in moaie draai oan te jaan troch foto's te dielen fan hûnen dy't bûten it stimburo op har baaske wachtsje. Mei de hashtag #dogsatpollingstations kinne minsken de moaiste foto's werom fine.

15:07
Tuskenstannen opkomstsifers

Weststellingwerf 14:30 - 17%
Súdwest-Fryslân 14:30 - 17,5%
Harns 14:45 - 18,2%
Opsterlân 15:00 - 17%
Amelân 15:00 - 33%
Skiermûntseach 15:00 - 55 %
Achtkarspelen 15:00 - 15,63%
Flylân 15:00 - 40%
Waadhoeke 15:00 - 17,94%
Tytsjerksteradiel 15:00 - 19,58%
Skylge 15:30 - 36%
De Fryske Marren 16:00 - 20,81%
Eaststellingwerf 16:00 - 20.23%
Hearrenfean 16:00 - 20.74%

14:57
Weststellingwerf

Yn Weststellingwerf wiene om 14:30, sa'n 17 prosint fan de stimmers yn de gemeente al delkaam om har stim út te bringen. De hoop is dat de gemeente heger útkomt as ferline kear, doe wie it opkomstpersintaazje oer de hele dei hinne 37,2%.

13:57
Opkomstsifers nei de lunch

Hearrenfean en Smellingerlân hawwe de earste sifers nei it middeisiten:

Hearrenfean 13:00 - 13%
Smellingerlân 13:00 - 17%

11:59
Mear opkomstsifers

De opkomstsifers foar:

Weststellingwerf om 11:00 - 14%

Skylge om 11:30 - 17%

De Fryske Marren om 12:00 - 11,29%

Eaststellingwerf om 12:00 - 11%

11:47
Gearfetting opkomstsifers

Yn de earste opkomstsifers foar de ferkiezingen foar it Europees Parlemint binne grutte ferskillen te sjen. Sa hat om 11 oere moarns al 24% fan de minsken te stimmen west op Skiermûntseach. Wylst de opkomst yn Opsterlân om deselde tiid hinne op 7 prosint lei.

De opkomstsifers foar de rest fan de provinsje lizze rûchwei om de 10 prosint hinne. Sa hawwe der yn Harns 1036 minsken te stimmen west; dat is 8,3% fan it totaal fan 12.419 minsken dy't offisjeel stimme meie yn de gemeente. Yn Tytsjerksteradiel leit de opkomst op 9,85%. Dit binne 2455 minsken.

Op It Amelân leit it opkomstsifer om 11 oere op 14 prosint, wylst yn Smellingerlân 12 prosint fan de minsken te stimmen west hat. Yn Achtkarspelen bliuwe se wat achter op dizze sifers: dêr lei de opkomst op 7,98%. Yn totaal hawwe der yn Achtkarspelen om 11 oere hinne 2183 te stimmen west.

Yn de grutste gemeente fan Fryslân, Ljouwert, wiene om 11 oere 8,09% fan de minsken te stimmen west. Dit tal leit heger as yn 2014, doe't op itselde momint de opkomst op 7,19% lei.

It opkomstsifer fan de gemeente Hearrenfean is in oere earder opnaam: om 10 oere hie dêr 6 prosint fan de minsken nei de stimbus west.

Der kin noch oant 9 oere fannejûn stimd wurde.

11:09
Opkomst Skiermûntseach en Harns

Op Skiermûntseach leit de opkomst in stik heger as yn de rest fan de provinsje. Mei 24% is it hast twa as sels trije kear safolle as yn de oare gemeenten. En ek op It Amelân leit de opkomst heger as op de fêste wâl. Hjir hawwe om 11:00 14 prosint fan de minsken te stimmen west.

Yn Harns hawwe 1036 minsken te stimmen west, dat is 8,3% fan it totaal fan 12.419 minsken dy't offisjeel stimme meie yn de gemeente.

10:59
Opkomstsifers Smellingerlân

It opkomstsifer foar de ferkiezingen leit om 11:00 yn Smellingerlân op 12 prosint.

10:42
Opkomst Hearrenfean

Yn de gemeente Hearrenfean hawwe om 10 oere hinne hast 6 prosint fan de stimmers del west. Om krekt te wêzen leit de opkomst dêr om 10 oere op 5,89%. Dit is krekt wat heger as yn 2014, doe't der om 10 oere in opkomst fan 5% yn de boeken skreaun waard.

10:33
Boargemaster Ferd Crone te stimmen

Boargemaster Ferd Crone hat hjoed foar de lêste kear as boargemaster fan Ljouwert te stimmen west. De PvdA-man sil ynkoarten nei de Earste Keamer. Syn taken wurde dan oernaam troch CDA-man Sybrand Buma.

10:18
Stimburo 18 yn Snits
10:07
Opropkes op twitter

Lykas mei de oare ferkiezingen, wurdt ek by de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint oproppen om op froulju te stimmen. Dizze kampanje rint al in tal jier, en der wurdt besocht om mei foarkarstimmen de úteinlike útslach fan de ferkiezingen sa oan te passen, dat der mear froulju yn it parlemint komme as dat der west hiene sûnder foarkarstimmen.

9:36
Op it stimburo yn Aldetrine

It stimburo fan Aldetrine sit yn it doarpstjerkje. Ferslachjouwer Bauke Deelstra seach hoe't it der dêr oan ta giet.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra op it stimburo yn Aldetrine

7:57
Ferkiezingen belangryk foar boeren

By de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint steane der foar boeren in soad jild en belangen op it spul. Ien fan de earste grutte saken dêr't it nije parlemint in beslút oer nimt, is it lânboubelied. Neffens Trienke Elshof fan LTO Noord binne de ferkiezingen dêrom hiel belangryk foar de boeren. Ferslachjouwer Bauke Deelstra prate mei har.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn petear mei Trienke Elshof fan LTO Noord

7:00
De stimburo's binne iepen

De stimburo's binne offisjeel iepen. Fan no oant fan 'e jûn 21.00 oere kin der stimd wurde foar it Europees Parlemint. Wolle jo witte wêr't je stimme kinne, sjoch dan op de offisjele webside fan de oerheid.

(advertinsje)