Fryslân middenmoater mei tal donorregistraasjes

Fryslân is in middenmoater as it giet om it tal donorregistraasjes. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). By ús is de gemeente mei it grutste oandiel Skylge mei 28 prosint en de minste donoaren wenje yn Dantumadiel. Hjir is 18 prosint fan de ynwenners fan de gemeente ynskreaun as orgaandonor.
© ANP
Yn july 2020 giet de nije donorwet yn. Mei de wet wurdt elkenien dy't him of har net aktyf oan- of ôfmeldt, registrearre as donor. Yn de oanrin nei dat momint skriuwe hieltyd mear minsken har yn foar it register, mar wurdt it oandiel dat ek echt organen ôfstean wol lytser. Goed de helte fan de Nederlanners (54 persint) stie yn jannewaris fan dit jier noch net registrearre yn it Donorregister. Fan dizze minsken is dus net bekend oft sy by har ferstjerren organen ôfstean wolle foar misken dy't bygelyks op in nij hert wachtsje.

Regionale ferskillen

Der binne yn Nederlân flinke regionale ferskillen as it giet om it persintaazje minsken yn in gemeente dy't har meldt as donor. De gemeente Goirle, Hilvarenbeek en Oost-Gelre hawwe de measte orgaandonoaren. In Goirle is 34 prosint fan de ynwenners fan 12 jier of âlder orgaandonor, yn de oare twa gemeenten 33 persint. Underoan hingje Urk (9 persint), Staphorst (13 persint) en Neder-Betuwe (14 persint). De measte gemeenten dêr't in grut part fan de ynwenners donor is, lizze yn Noard-Brabân en Fryslân sit dus yn it midden.
© Omrop Fryslân