Advys Ferd Crone oan Buma: "Hij is jurist: maar laat de regels soms in de kist"

22 maaie 2019 - 23:07

"Hij is jurist: maar laat de regels soms in de kist." Dat is it advys fan boargemaster Ferd Crone oan syn opfolger Sybrand Buma. Syn opmerking koe rekkenje op applaus fan it publyk by de spesjale 'ofskiedsútstjoering' fan IepenUP Live woansdeitejûn.

Foto: Omrop Fryslân

Syn skipperjen tusken de wetten en bûten de regels om saken regeljen wie in ûnderwerp dat faak werom kaam. Dat die ek bliken yn syn wurk foar LF2018. Sa hie er al ja sein op de hûn, de tredde reus fan de reuzen fan Royal de Luxe, wylst dat finansjeel noch net rûn wie. "Maar achteraf neemt niemand dat je kwalijk. Behalve de gemeenteraad.''

Yn de ôflevering waarden syn hichte- en djiptepunten bepraat, no't hy nei mear as alve jier ophâldt as boargemaster fan Ljouwert en him stoarte sil op in nije útdaging yn de Earste Keamer.

Petearen

In gedicht fan de Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga oer syn amtsperioade rekke him dúdlik en ek waarme reaksjes fan boargers, de berneboargemaster Sienna van Borkulo, Sjoerd Bootsma en ûndernimmer Baukje de Vries brochten iepen petearen op gong. Sa frege Sienna him wat syn leukste oantinken oan de gemeente Ljouwert is.

"In Friesland vinden mensen het leuk om dingen te organiseren. In de Randstad bluffen mensen veel maar doen ze niks, en in Friesland is het precies andersom. Vrijwilligers doen overal aan mee en zo bereiken we ontzettend veel samen'', sa seit Crone.

Mar der wiene ek drege mominten. "Dat ik me eigenlijk stil moest houden tijdens de situatie met de Zwarte Pieten-discussie hier en dat het niet voldoende gelukt is mensen bij elkaar te brengen. Dat vond ik het moeilijkst." Einst fynt Crone dat Sinteklaas en Swarte Pyt feroarjen bliuwe moatte en dat se troch de jierren hinne ek al feroare binne. Mar yn syn funksje koe er dat earder net echt uterje.

Byinoar bringe

Hy is op it stuit drok dwaande mei petearen om ferskate groepen byinoar te bringen. "Want wat je ook doet, dat moet je samen doen." In oar spitich punt fynt er dat De Friesland neffens him te rap yntegrearre is yn Zilveren Kruis, yn lanlik belied.

Ut de ferhalen docht bliken dat Crone ek wol bekend stiet as de 'beljende boargemaster'. Sjoerd Bootsma: "Jet Bussenmaker heeft ooit verzucht dat Ferd Crone de meest bellende burgemeester van Nederland is."

Aktyf yn Den Haag

Crone jout ta dat er altyd bot aktyf wie yn Den Haag en dêr ek in soad fan leard hat. "Ik heb gemerkt dat ambtenaren er vooral zijn om de minister uit de wind te houden. Dat irriteert me mateloos en neem ik ook zeker mee naar de Kamer."

Crone hat tegearre mei syn frou al in nij hûs fûn yn Haarlem, mar hy seit ta dat er faak werom komme sil.

Trefwurden: 
Ferd Crone IepenUP
(Advertinsje)
(Advertinsje)