Cambuur net nei finale play-offs troch ferlies yn Doetinchem

22 maaie 2019 - 22:37

Sportklup Cambuur is der woansdeitejûn net yn slagge de finale fan de play-offs te berikken. Nei it lykspul (1-1) fan ôfrûne snein yn Ljouwert gie de ploech fan trainer René Hake yn de returnwedstriid yn Doetinchem ûnderút. Tsjinstanner De Graafschap gie better mei de kânsen om en wûn mei 2-0. De ploech fan Henk de Jong, dy't dizze simmer oerkomt nei Cambuur, treft yn de finale fan de play-offs Sparta Rotterdam.

De thúsploech kaam better út de startblokken as Cambuur. De earste kâns fan de wedstriid wie nei balferlies fan Sai van Wermeskerken dan ek foar De Graafschap. It skot fan Nabil Bahoui wie lykwols in proai foar keeper Xavier Mous. De grutste kâns fan de begjinfaze kaam op namme fan oanfaller Nigel Robertha fan Cambuur. De 21-jierige Robertha skeat nei in goede pass fan Matthew Steenvoorden fan tichteby oer de goal.

Foarsprong De Graafschap

Yn de 24ste minút kaam de ploech út Doetinchem op foarsprong. Ut in frije traap fan Youssef El Jebli kopte spits Charlison Benschop de bal hurd efter doelman Mous: 1-0. Twa minuten letter wie Cambuur alwer tichteby de lykmakker, mar Robertha kopte de bal út in frije traap spikerhurd op 'e latte.

Foto: Orange Pictures

Mei noch fiif minuten foar it skoft krige De Graafschap nei in oertrêding fan Andrejs Ciganiks in frije traap oan 'e râne fan it sechstjinmetergebiet. El Jebli skeat de bal dêrnei yn de muorre en op de hân fan Cambuurspiler Robbert Schilder en dus wiisde skiedsrjochter Siemen Mulder resolút nei de penaltystip. Benschop benutte dy bûtenkâns en brocht de ploech fan trainer Henk de Jong op 2-0.

Twadde helte

Krekt nei it skoft hie ynfaller Kevin van Kippersluis de oanslutingstreffer op 'e skuon, mar fan tichteby krige hy de bal net yn 'e goal fan keeper Hidde Jurjus. Efkes letter like De Graafschap te skoaren, mar it skot fan Bahoui waard tsjinholden troch Sambissa. Tsien minuten letter wie de thúsploech opnij tichteby de 3-0. Leeroy Owusu kaam op doelman Mous ôf, mar de útblinkende doelman Mous kaam as winner út de striid.

Cambuur gie yn de slotfaze noch mei man en macht op syk nei de oanslutingstreffer, mar foar de goal fan De Graafschap slagge der net in soad. De Doetinchemmers wiene fia Benschop mei in enoarme kâns noch wol tichteby de 3-0, mar hy skeat de bal in meter neist de goal. Yn de fiif minuten blessueretiid waard ek net mear skoard.

Foto: Orange Pictures

De Graafschap - SC Cambuur 2-0 (2-0) 24. Charlison Benschop 1-0, 40. Charlison Benschop (penalty) 2-0.

Opstelling Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Steenvoorden, Van Koesveld, Sambissa; Jansen (67. Conraad), Schilder, Ciganiks (46. Van Kippersluis); Maulun, Robertha, Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)