Jan Teade Nauta wint fierljeppen yn Gryptsjerk

22 maaie 2019 - 22:03

De twadde fierljepwedstriid fan it seizoen is woansdeitejûn wûn troch Jan Teade Nauta fan Drylts. Yn de finale ljepte er nei in ôfstân fan 19.63 meter en dêrmei ek nei de winst. De striid om it twadde plak wie tige spannend; Sytse Bokma fan Hylpen (19.22) wie úteinlik krekt better as Freark Kramer fan It Heidenskip (19.21).

Opmerklik wie dat alle winners yn de ferskate kategoryen ek ferline wike yn Bûtenpost wûnen. Sa pakte Sigrid Bokma fan Hylpen mei in ôfstân fan 14.91 meter de winst by de froulju. Tiisdei wie Marrit van der Wal yn de twadde klasse fierwei de sterkste frou. Se wûn doe mei 15.18 meter.

By de junioaren wie der in earste plak foar Wietse Nauta fan Drylts (17.45). By de jonges wûn Rutger Haanstra fan It Heidenskip (16.96) en by de famkes ljepte Femke Rispens fan Niehove (12.86) it fierst.

Winnende sprongen fan Jan Teade Nauta en Wietse Nauta

(advertinsje)
(advertinsje)