Steaten stypje lobby foar Eurovisie Songfestival yn Ljouwert

22 maaie 2019 - 20:33

In grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten stipet fan herte de lobby om it Eurovisie Songfestival takom jier nei Ljouwert te heljen. Dat komt goed út, om't provinsje en gemeente achter de skermen al drok dwaande binne mei in bidbook om Eurovisie hjir te krijen.

In grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten stimde foar Eurovisie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert hat hjirby konkurrinsje fan ûnder oare Rotterdam, Zwolle en Maastricht, mar Poepjes dichtet Ljouwert goede kânsen ta.

Net elkenien entûsjast

Net alle steateleden dielden it entûsjasme fan Sietske Poepjes en har partijgenoat Rendert Algra, dy't de moasje yntsjinne. Hanneke Goede fan de SP is benaud dat ek yn Ljouwert Eurovisie benammen in feest foar de elite wurde sil. "Wat ik gehoord heb kost een kaartje voor de finale wel zo'n 750 euro. Daar is de SP tegen. Vorig jaar kon iedereen de Reuzen gratis bekijken, daar zijn we dan wel voor."

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes oer de lobby foar Eurovisie yn Ljouwert

Poepjes seit dat se de reaksje fan de SP 'begrypt', mar lit wite dat der ek al neitocht wurdt oer mooglikheden om mear minsken it feest meibelibje te litten troch bygelyks op ferskate plakken yn Fryslân 'fanzones' yn te rjochtsjen mei in grut skerm. "De measte minsken sjogge Eurovisie yn elts gefal fia in skerm. En de lokaasje yn Makkum mei fan my dan best - foar ien dei - Ljouwert-beach hjitte."

Brief nei de NPO

Dat Crone en Brok al op sneintejûn in brief ferstjoerden nei de NPO kaam foar Poepjes net as in ferrassing, want al foar de puntetelling hie se kontakt mei Sjoerd Feitsma oer de mooglikheid om Ljouwert nei foaren te skowen by mooglike Nederlânske winst.

Yn de steaten waard woansdei noch net praat oer de kosten fan in mooglik Eurovisie yn Ljouwert en in mooglike bydrage fan provinsje of gemeente. Dat bart pas as dúdlik wurdt dat it evenemint ek echt nei Ljouwert giet en dat stiet noch lang net fêst. "As it safier is, dan kom ik fansels by jo werom", sei Poepjes de steaten ta.

SP-steatelid Hanneke Goede

(advertinsje)
(advertinsje)