UPDATE: Twa hurdfytsers ferwûne nei ûngelok yn Harns

22 maaie 2019 - 20:26

De helptsjinsten binne woansdeitejûn manmachtich útriden fanwege in ûngelok op de Fahrenheitstrjitte yn Harns. In groep hurdfytsers soe oanriden wêze troch in auto. Hoe't dat barre koe, is net bekend. Twa hurdfytsers binne hjirby ferwûne rekke.

Foto: CAMJO Media

Foar de helpferliening binne neist ambulânses ek de brânwacht fan Harns en Frjentsjer oproppen. Der is ek in traumahelikopter oproppen.

In spesjaal plysjeteam docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Harns ûngelok ferwûne
(advertinsje)
(advertinsje)