Alden lilk fanwegen sluting basisskoalle De Tike

Alden fan bern fan basisskoalle de Gielguorde yn De Tike fiere aksje. De skoalle hâldt op te bestean. Dat lit alteast it skoalbestjoer fan PCBO Smellingerlân yn in brief oan de âlden witte.
Âlders lulk om sluting basisskoalle De Tike
Der binne noch mar 25 learlingen en de ferwachting is dat dat der takom jier mar 19 binne. In fúzje mei basisskoalle De Leister Igge op De Pein leit foar de hân.

Tsjin de sluting

De âlden fan de bern en de meisizzenskipsried fan de skoalle binne lykwols noch lang net sa fier. Sy binne bot tsjin de sluting en sykje sels nije learlingen om de Gielguorde just iepen te hâlden.
Neffens it bestjoer is De Tike in krimpdoarp en hawwe se der alles oan dien om de skoalle iepen te hâlden. Alden bestride dit argumint. Neffens harren wurdt der krekt in soad nijboud yn it doarp foar bewenners mei bern dy't nei de Gielguorde wolle. En der komme just mear bern by. "It is hjir krekt in babyboom'', fynt Betty Posthumus.