FIDEO: IepenUP mei boargemaster Ferd Crone

Ferd Crone hâldt der nei mear as alve jier mei op. De boargemaster lit Ljouwert efter him om him op in nije útdaging yn de Earste Keamer te stoarten. Yn dizze ôflevering wurde syn hichte- en djiptepunten bepraat, de ûnderwerpen dy't hy it meast misse sil en hoe't Crone de takomst foar him sjocht.
Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.