Gertjan Verbeek wurdt haadcoach yn Australië

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek fan Jobbegea begjint in Australysk aventoer. De eardere trainer fan Sportklup Hearrenfean komt as haadcoach yn tsjinst fan Adelaide United.
© ANP
''We kunnen onze koffers gaan pakken", sei Verbeek tsjin FOX Sports, dêr't er no noch wurket as analist. "We gaan voor twee jaar naar Australië."
It seizoen yn de A-League set yn oktober útein. ''Maar eerst wordt het Australische bekertoernooi afgewerkt. De eerste wedstrijden daarvan zijn eind juli, begin augustus.''

Sûnder klup

Nei it fuortgean fan Verbeek by FC Twente, yn maart foarich jier, siet hy sûnder klup.