Lauwerssee waard 50 jier lyn Lauwersmar

22 maaie 2019 - 19:04

It is tongersdei op de kop ôf 50 jier lyn dat de Lauwerssee feroare yn de Lauwersmar. Mei in ôfslútdyk waard de mar skieden fan de Waadsee en it sâlte wetter makke plak foar swiet wetter. It gebiet is dêrtroch bot feroare, mar fanwege de klimaatferoaring en de heger wurdende seespegel is it Lauwersmargebiet in kwetsber gebiet. Histoarikus Albert Buursma nimt ús mei troch de ôfrûne 50 jier.

Lauwersmar bestiet 50 jier

De Lauwerssee ûntstie yn de midsiuwen yn it noarden fan it lân. Yn ferbân mei de feiligens foar de ynwenners fan it gebiet komme der hieltyd mear plannen om de binnensee te sluten. Uteinlik giet it regear yn 1960 oerstaach nei in grutte massademonstraasje yn Ljouwert.

De bou fan it Lauwersmar

Takom wykein en it wykein dêrop hat FryslânDOK wiidweidich omtinken foar it jubileum fan de Lauwersmar. Diel 1 'In byld fan tiid' giet oer de takomst fan it Lauwersmargebiet , de ierappeltylt en de fersilting. Op sneon 25 maaie is dizze dokumintêre op NPO2 te sjen en snein 26 maaie fan 17.00 ôf op Omrop Fryslân.

Yn diel 2 'Foarútgong & bedriging' wurdt sjoen nei mooglikheden fan duorsum toerisme, biologyske lânbou en nei de oergong nei de wetterstofekonomy, Dizze is te sjen op sneon 1 juny op NPO2 oere en op snein 2 juny fan 17.00 ôf op Omrop Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)