Race tsjin de klok foar Amelanner kafee De Welvaart

22 maaie 2019 - 18:33

Der moat noch hiel wat barre om kafee De Welvaart op It Amelân op tiid klear te krijen. Acht jier lang stie de kroech leech. Troch in crowdfundingsaksje kin jonge ûndernimmer Taco Zandbergen út Zwolle it kafee wer opnij iepenje. Mar slagget him dat op tiid foar it heechseizoen?

Sûnt healwei april hat Zandbergen de kaai fan De Welvaart. Dat jout him mar in koart skoftke de tiid om alles klear te krijen foar it heechseizoen. Dêrom is er sûnt april mei famylje en freonen alle dagen yn it spier. Der moat in soad feroare wurde oan it pân dat al sûnt 2011 net mear ûnderhâlden is. Alles moat opnij skildere wurde, der moat in nije keuken yn komme en ek is der in nije lûdsynstallaasje nedich.

It pân yn Hollum wie orzjineel in kommandeurswenning, bouwt yn 1662. It hat ek noch tsjinne as logemint mei stalling. Dêrnei is it omboud ta kafee.

Om De Welvaart opnij iepenje te kinnen begûn Zandbergen yn jannewaris mei in crowdfundingsaksje, mei as doel om 150.000 euro binnen te krijen. Dat bedrach koe in moanne letter mei de helte werombrocht wurde om't twa grutte finansiers har melden. In wike lyn sleat Zandbergen de aksje, mei in skoare fan 90.000 euro.

Wurk rint achter

De Zwollenaar hopet mei it Amelanner feest Muzikaal Bootwateren op 15 juni de doarren iepen te hawwen. Mar oft dat slagje sil, is ûnwis. It wurk rint wat efter op skema. "Al het schilderwerk had eigenlijk nu al af moeten zijn. Maar we zetten alles op alles om in dat weekend open te kunnen."

(advertinsje)