FIDEO: Hobbyist of lobbyist?

22 maaie 2019 - 17:51

Omrop Fryslân giet back to basic mei it programma Europa foar begjinners. Tongersdei mei elkenien wer nei de stimbussen, mar wat is Europa eins en wat hawwe de ynwenners deroan? Yn de útstjoering fan woansdei leart presintator Emiel it ferskil tusken in hobbyist en in lobbyist. Ek besiket er oansteand Europarlemintariër Anja Haga te ferlieden, mar dat slagget mar heal.

Nei oanlieding fan de oankommende Europeeske parlemintsferkiezingen, op 23 maaie, dûkt Omrop Fryslân yn it Europa fan no en de takomst. Wat hawwe de minderheden te freegjen en te bieden oan de Europeeske Uny? En wat is Europa eins en steane der ek Friezen op de list? Op dizze side fynst alles werom.

(advertinsje)
(advertinsje)