Dûkers Lauwerseach fine in soad kontenerguod yn wrakken

22 maaie 2019 - 18:02

Dûkers fan dûkteam Zeester fan Lauwerseach fine in soad guod út de konteners fan de MSC Zoe yn de wrakken dy't se oandwaan. Dat meldt RTV Noord. De leden fan it dûkteam binne ôfrûne moanne begûn mei it nije dûkseizoen.

It dûkteam wie resintlik by it wrak fan in Dútske boat út de Earste Wrâldoarloch, boppe Skiermûntseach. Foarman Klaas Koch fan de dûkers fertelt dêroer: "ze vonden daar van alles: dekens, klapstoeltjes, televisies, badjassen, noem maar op".

Net meinimme

Nimme de dûkers it guod ek mei nei boppe? "Nee, dat is bijna niet te doen", seit Koch. "Maar we hebben laatst wel een paar kleedjes meegenomen."

(advertinsje)
(advertinsje)