FIDEO: Gjin riedsgearkomste, mar mei de hele ried nei Cambuur

22 maaie 2019 - 17:49

It is in wichtige jûn foar Sportklup Cambuur woansdei. De Ljouwerters moatte yn Doetinchem besykje om te winnen fan De Graafschap, om sa promoasje nei de Eredivisie in stapke tichterby te heljen. En net allinnich de fans fan de fuotbalklup binne massaal yn de senuwen, ek de polityk wol woansdeitejûn niet ôflaat wurde. Se hawwe dêrom de riedsgearkomste ôfsein, en sitte yn stee dêrfan mei har allen op de tribune. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by it fuortgean fan de bussen út Ljouwert.

Njonken de Ljouwerter politisy binne fansels ek de fans ûnderweis nei Gelderlân. Goed 350 Cambuur supporters reizgje de spilers achternei foar de returnwedstriid mei De Graafschap. De earste konfrontaasje yn Ljouwert einige yn 1-1. Ynset is in plak yn de finale, de ferliezer fan dit duel spilet takom seizoen wer yn 'e earste difyzje. Ferslachjouwer Andor Faber, seach alfêst by it stadion fan De Graafschap, en preau dêr de sfear.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur ried
(advertinsje)
(advertinsje)