Anty-diskriminaasjetekst ûntbleate op it Provinsjehûs

22 maaie 2019 - 17:27

Ald-steatelid Teus Dorrepaal fan it CDA hat woansdeitemoarn yn de hal fan it Provinsjehûs de tekst fan artikel 1 fan de grûnwet ûntbleate. Yn artikel 1 - ek wol bekend as it anty-diskriminaasjeartikel - stiet dat elkenien yn gelikense gefallen gelyk behannele wurdt, wat foar kleur, leauwe, politike oertsjûging of seksualiteit je ek hawwe.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Provinsjale Steaten besleaten ein ferline jier mei grutte mearderheid om de tekst yn it Frysk en it Nederlânsk in plak te jaan yn it Provinsjehûs en woansdei wie it dan safier.

Iepeningshanneling

Dorrepaal die de iepeningshanneling tegearre mei kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat barde oan it begjin fan de gearkomste fan Provinsjale Steaten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)