Fryske belangeferieningen solidêr nei ierdbeving yn Grinslân

In grut tal Fryske belangeferieningen en miljeuorganisaasjes slút him oan by de oprop om de gaswinning yn Grinslân sa gau as mooglik ôf te bouwen. It giet ûnder mear om de stichting Tsjingas, Laat Fryslân Niet Zakken en de Waadferiening.
© ANP
Ek Ternaard Foar de Wyn, Fêste Grûn Noardeast-Fryslân en Foar Heech Tsjin Gas dogge mei. De belangeferieningen sizze dat sy solidêr binne mei de Grinzers en wolle har ynsette foar in goede regeling foar de skea.

Ierdbeving

Oanlieding is de swiere ierdbeving yn Grinslân woansdeitemoarn betiid. Dy hie in krêft fan 3.4 op de skaal fan Richter. It episintrum lei by Westerwijtwerd.