Erwin Jousma fan FvD: "Omrop hat te min each foar Nederlânsktalige Friezen"

22 maaie 2019 - 16:01

Steatelid Erwin Jousma fan Forum voor Democratie fynt dat Omrop Fryslân te min each hat foar de belangen fan minsken dy't Nederlânsktalich binne. Yn syn maiden speech yn Provinsjale Steaten neamde Jousma it 'niet correct' dat de Omrop it nijs op radio en telefyzje wol yn it Frysk, mar net ek yn it Nederlânsk oanbiedt.

Gearkomste fan de Provinsjale Steaten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Omrop Fryslân stie hielendal net op de aginda fan de steaten woansdei, mar yn in maidenspeech stiet it steateleden frij om ek oare saken oan de oarder te stellen. Jousma beskôget himsels as in fertsjintwurdiger fan de Nederlânsktaligen yn Fryslân. En dy achterban wurdt neffens him no net goed betsjinne troch de publike omrop fan Fryslân.

"De meertaligheid zou een pluspunt zijn", sa seit Jousma. "En dat zou ook weer een nieuwe doelgroep aanspreken, niet alleen van mijn achterban van Forum, maar ik denk dat ook andere partijen een achterban hebben met Nederlandstalige Friezen. En ook deze Friezen zijn trots op 'ús heitelân', dus laten we dat vooral stimuleren."

Steatelid Erwin Jousma (FvD) dwaande mei syn maiden speech - Foto: Omrop Fryslân

FNP-steatelid Sybe Knol reagearre yn syn maiden speech troch te sizzen dat er de krityk op Omrop Fryslân folslein ûnterjochte fynt. Knol ferwiisde dêrby ek nei de twatalige app en website fan de Omrop, wêrtroch't elts it nijs ek yn it Nederlânsk lêze kin. Knol omskreau it ferhaal fan Jousma as 'in anty-Frysk fisitekaartsje' fan Forum voor Democratie.

Reaksje Omrop Fryslân

Einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân, seit dat it wichtich is dat Omrop Fryslân krekt yn it Frysk útstjoert. "Yn ús karbrief stiet dat wy it Frysk as fiertaal brûke. Tagelyk binne we net in taalbefoarderer en dat bestjut dat we linich mei it brûken fan it Frysk omgean wolle. We binne ûnderdiel fan de provinsje Fryslân en hjir wurdt de twadde rykstaal sprutsen. We fine it wichtich dat we op dizze wize oanslute by de regio wêryn't we wurkje."

Ut resint ûndersyk fan de Fryske Akademy docht bliken dat 85 persint fan de Friezen it Frysk ferstiet. "Fan minsken dy't it Frysk net fersteane krije we gauris te hearen dat se der krekt wiis mei binne dat de Omrop yn it Frysk útsjoert". fertelt Terpstra. "Se brûke de Omrop om de taal te learen. Fierder geane wy linich om mei it brûken fan it Frysk. As in persoan dy't ynterviewd wurdt it Frysk net ferstiet dan skeakelje wy oer yn it Hollânsk."

Ek by grutte kalamiteiten stjoert de Omrop yn it Frysk en it Hollânsk út, dus twatalich. Omdat der minder Friezen binne dy't it Frysk lêze hat Omrop Fryslân der wol foar keazen om de webside en app twatalich oan te bieden. Op dizze wize kin de sjogger sels bepale yn hokker taal de berjochten oanbean wurde. Ek de dokumintêres dy't op NPO2 fia FryslânDok útstjoerd wurde, wurde yn it Hollânsk ûndertitele.

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes reagearre net op it ferhaal fan Jousma omdat it ûnderwerp net op de aginda stie.

Steatelid Erwin Jousma fan Forum voor Democratie

(Advertinsje)
(Advertinsje)