Noardeast-Fryslân siket ûntwerper foar amtsketting boargemaster

Noardeast-Fryslân siket immen dy't in nije amtsketting makket foar de gemeente. It leafst hawwe se in gadingmakker dy't ek ynwenner is fan Noardeast-Fryslân. Der wurdt socht nei in edel-, goud- of sulversmid.
© ANP
Belangstellenden wurdt frege foar 12 juny te reagearjen. Ofhinklik fan de kandidaten wurde ien of meardere minsken útnûge.

Sketsûntwerp en presintaasje

De persoan dy't úteinlik keazen wurdt, is der dan noch net. Hy of sy moat dan in sketsûntwerp meitsje fan de amtsketting, in offerte mei in planning en it idee ek nochris presintearje oan in seleksjekommisje.
Op dit stuit is Hayo Apotheker waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân. De gemeente is op syk nei in nije boargemaster.