Stimmers: Eurovisie yn Ljouwert better as Utrecht, Den Haag of Zwolle

22 maaie 2019 - 15:17

Ljouwert is populêrder as bygelyks Utrecht, Den Haag of Zwolle as it giet om de lokaasje foar it Eurovisie Songfestival fan takom jier. Altearst, as je leauwe dat de webside waarkomthetsongfestival.nl in aardich represintatyf byld jout fan de foarkar fan it publyk.

Foto: ANP

De website is betocht en makke troch de 16-jierrige Christaan Boukens út Nibbixwoud, yn Noard-Hollân. It like him in aardich idee as it publyk him útsprekke kin oer it bêste plak foar it songfestival. De Ziggo Dome yn Amsterdam giet op dit stuit oan de lieding, mei mear as twa kear safolle stimmen as Ljouwert. Ek Rotterdam lûkt in soad stimmen. Zwolle is by de stimmers in minst populêr.

"Wel voor over"

"Ik kwam afgelopen zaterdag heel laat thuis en toen hoorde ik dat Duncan Laurence had gewonnen", sa fertelt Christiaan Boukens oan NH Nieuws. "Klasgenoten verklaren me voor gek omdat ik geld heb betaald voor advertenties, maar ik vind dat niet erg. Ik wil het graag leren om goed websites te maken, dus ik had het er wel voor over."

(advertinsje)
(advertinsje)