Ynspeksjes yn Lauwersmargebiet nei ierdbeving yn Grinslân

22 maaie 2019 - 14:17

Grinslân fiert woansdei ynspeksjes út yn it gebiet dat troffen waard troch in swiere ierdbeving yn de provinsje, earder op de dei. Under oare yn it Fryske diel fan it Lauwersmargebiet wurdt de skea opmetten.

Lauwersmargebiet - Foto: ANP

It wetterskip kontrolearret ûnder oare gemalen en slûzen. In ploech fan fiif oant tsien meiwurkers fan de provinsje ynspektearret oft der skea is oan wegen, brêgen en keunstwurken.

Yn Grinslân wie woansdeitemoarn betiid in grûnskodding: de ierdbeving hie in krêft fan 3,4 op de skaal fan Richter. It episintrum lei by Westerwijtwerd, in doarp yn de gemeente Loppersum.

(advertinsje)
(advertinsje)