Opnij Keatshelden by de boadskippen

22 maaie 2019 - 13:54

De Keningen fan de PC, de winners fan de Freule of de winners fan de NK's fan 2018, je kinne se dalik allegearre yn hûs helje. Net de manlju en froulju sels fansels, mar plaatsjes fan dizze keatshelden. De KNKB hat in oerienkomst sluten mei ferskate supermerken, dy't de plaatsjes by de boadskippen fuortjouwe.

Foto: Henk Bootsma

It is net foar it earst dat der keatsplaatsjes by de boadskippen fuortjûn wurde. Yn 2009 hie de KNKB al in oerienkomst mei de C1000 yn Frjentsjer. De hjoeddeistige aksje wurdt breder opset. Sa kinne de plaatsjes sparre wurde by de Albert Heijn yn Frjentsjer, Stiens en Sint-Anne.

Fan 12 juny ôf kinne de keatshelden sparre wurde. It giet om de plaatsjes yn de folgjende kategoryen: NK 2018 alle jeugdkategoryen, froulju 1e klasse, froulju haadklasse, hearen 1e klasse, hearen haadklasse, winners Freule 2018 en Ald-Meiers partij 2018, en alle PC-keningen fan 2009 oant en mei 2018.

Trefwurden: 
keatsen PC Freule Albert Heijn
(Advertinsje)
(Advertinsje)