Occupy Ljouwert besiket it opnij

10 nov 2011 - 14:50
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert begjint tongersdei opnij in Occupy-aksje. Occupy set him yn foar in wrâldwide demokrasy. De gemeente Ljouwert hat in fergunning ôfjûn foar it opsetten fan in permanent kamp yn it sintrum fan Ljouwert.

Oan de ein fan de middei sette Occupy-minsken in grutte yndianetinte del yn de stêd. Fan dêrút wolle se aksje fiere. Earder is ek al besocht in Occupy-aksje yn Ljouwert op gong te bringen, mar de belangstelling dêrfoar wie lyts.

(Advertinsje)
(Advertinsje)