Mear dieven mei winkelferbod

10 nov 2011 - 14:43

Hieltyd mear kriminelen krije in winkelferbod yn Ljouwert. Dêrmei meie dieven yn gjin inkelde winkel mear komme yn 'e stêd. Yn hiel Nederlân wurde dit jier 10.000 winkelferboaden oplein, sa is de ferwachting. Dat is tsien persint mear as ferline jier.

Neffens in wurdfierder komt it gruttere tal winkelferboaden trochdat plysje en ûndernimmers yn Ljouwert bot ynsette op ynbraken en stellerijen. Minsken mei in winkelferbod stean op in webside dy't allinnich foar ûndernimmers tagonklik is. Sa kinne dy minsken net samar in winkel ynrinne.

Trefwurden: 
winkelferbod
(advertinsje)