Dit bedriuw sil it eardere stedhûs fan Boalsert (fer)bouwe

22 maaie 2019 - 12:10

Friso Bouwgroep út Snits sil it eardere stedhûs fan Boalsert restaurearje en (fer)bouwe ta kultureel histoarysk sintrum De Tiid. Woansdeitemoarn binne de hantekens set troch boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân en algemien direkteur Henk Dedden fan it oannimmersbedriuw.

Yn totaal kostet it projekt hast trettjin miljoen euro. Yn it fjouwerhûndert jier âlde gebou krijge ûnder oare trije Boalserter musea plak: it Titus Brandsma Museum, It Gysbert Japicxhûs en De Oudheidskamer.

De bedoeling is dat it projekt ein 2020 oplevere wurdt. Dêrnei moat De Tiid jierliks op syn minst 100.000 besikers lûke.

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs De Tiid
(advertinsje)
(advertinsje)