Plysje ûntdekt drugslab yn bedriuwspân Ljouwert

Yn in bedriuwspân oan de Troelstrawei yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in drugslab oantroffen. Yn it gebou wiene ûnder oare apparatuer en grûnstoffen oanwêzich om syntetyske drugs te produsearjen. Der binne gjin fertochten oanhâlden.
© Kappers Media
De plysje kaam it lab op it spoar troch nije ynformaasje dy't by har binnenkaam wie. De Landelijke Faciliteit Ontmantelen sil it gebou no leechromje.
Neffens de plysje binne drugslaboratoaria lykas dizze in grut risiko yn wenwiken en op bedriuwsterreinen. Net allinnich it produksjeproses, mar ek de opslach fan gemyske stoffen is gefaarlik.