Oanbesteging transfearium Feanwâlden moat opnij

22 maaie 2019 - 10:41

Der komt in nije oanbesteging foar de oanlis fan in transfearium, in parkeargelegenheid by it stasjon, yn Feanwâlden. Dat hat it kolleezje fan B & W fan Dantumadiel besletten.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der hie al in ynskriuwing west mar it plan fan de winnende bieder leit boppe it budzjet. Om't der gjin ekstra finansiering foar it projekt beskikber is moat der in twadde oanbesteging komme.

Njonken de oanlis fan in transfearium giet it ek om de werynrjochting fan it omlizzende park. De fertraging sil neffens de gemeente foarearst gjin gefolgen hawwe foar it tiidspaad fan it plan. De oanlis moat ein takom jier klear wêze.

(advertinsje)