Kollum: "Steatejacht"

"De provinsje Fryslân hat in steatejacht. Wy binne mei syn allen dy provinsje, mar de measte Friezen ha der lykwols noch noait op fearn. Op klompen of skerpe hakjes binne je net wolkom. En de Friso hat it sa drok mei it farren mei hotemetoten dat de measte Friezen op de wâl stean moatte en inkeld sizze kinne: 'Sjoch, dêr fart myn skip.'"
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
"It steatejacht is net fan ús. In pear jier lyn lei de boeier foar de herberch fan De Gaastmar. Op it terras stiene allegear wichtige lju. It middelpunt wie Hans Wiegel. Dy hie syn jierdei. Hy fertelde my doe, dat de kommissarissen ynsteld ha dat alle âlde kommissarissen der ek elk jier noch in kear gebrûk fan meitsje kinne. No, sei ik, dan wit ik wol wa't dat ynsteld hat. Hy gniisde.
Wiegel hat der optimaal gebrûk fan makke. It moaiste wie fansels dat er nei de Hoffiver fear doe't de ferboude Twadde Keamer iepene waard. Ik ha de hiele dei oan board west, elkenien ynterviewd en hearde doe dat elkenien it Wiegel ta fertsjinst rekkene dat hy mei sa'n skip sweeslaan koe.
It hat altyd in kommissarisjacht west. Van Harinxma thoe Slooten hat it yn 1894 foar himsels bouwe litten. By Eeltsje Holtrop van der Zee op De Jouwer, dé bouwer fan houten skippen. Dy't mei syn fakmanskip de nei him kommende skipsbouwers allegear ta foarbyld wie. Dêrom dat ús skûtsjes sa moai binne.
Van Harinxma en soan, beide kommissaris, wiene gek fan dy moaie houten skippen. Boeiers, de keningen yn de famylje fan tsjotters en Fryske jachten. De Harinxma's ha fansels ek wol relaasjes fan de provinsje meinaam. Mar it skip wie net fan de provinsje, dus doe't se yn de tritiger jierren net genôch sinten mear hienen om de lak te keapjen, waard de Friso ferkocht oan Hollân. Uteinlik krige in sûkeladeboer it skip, mar dy hie yn de oarloch sjoen dat houten skippen brâne kinne, doe wie de hiele kop fan Friso fuort. Hy woe 'm dus wol nei it bûtenlân ferkeapje.
Sa Europeesk woe Fryslân doe noch net wêze. De blazerkes fan de Grouster sylferiening Oostergo ha tegearre mei de ûndernimmers fan Ljouwert it skip werom kocht. De erfenis dêrfan is sneon, wannear't yn Grou it 125-jierrich bestean fan de Friso fierd wurdt, want doe't Seelân ûnder wetter stie yn 1953, krigen wy ús ark fan Noach.
Dat gie net samar. Wy krigen no alve fonteinen, mar nimmen hat him bekroade oer it ûnderhâld. Dat diene de Steaten doe wol. Se wiene stjerrende benaud foar dat houtwurk. Se hiene gelyk, it hat in kwak jild koste.
Lykwols sizze de kommissarissen no noch altyd itselde as Linthorst Homan doe: dit skip hat in soad fertuten foar Fryslân. Dat je wannear't je ministers en sa meinimme op it steatejacht, dat dan ynienen de miljoenen út harren bûse streame.
Ik leau der gjin bliksem fan. Grutte yndustriëlen en ministers binne gjin kloaten. Dy ha allang yn de holle wat se jaan sille. Mar se wachtsje miskien wol mei it jaan, oant se oan board fan it steatejacht binne. Dat hjit netwurkje.
Dat is fansels in toanielstikje. Wolkom. Beerenburchje. Sile. Broadsje hjerring. Wyntsje. Dêrnei in miel. Ik ha in pear kear mei west. Aardich, mear net. Der is wol in soad bepankoekbakt, mar we witte net wat, want dat is it geheim fan it steatejacht. As kommissarissen en deputearren sizze dat it wurket, dan is dat sa. Mar it fielt by de Fryske befolking net as ús skip. Inkeld wannear't it sylt, dat is in skitterjend byld. Dêr hâlde we ek fan.
It silen en farren wie trouwens foar skippers. Dy kamen en komme allegear út de skûtsjewrâld. Fandêr dat ik de ferhalen kin. Ien fan harren hat my ris ferteld dat hy op in stuit tocht 'dit komt net goed'. Hy treau efkes súntsjes oan it roer om de Friso wat better koers te jaan. Mar hy krige in tik op de fingers fan de kommissaris, dy't net woe dat syn gasten seagen dat hy der gjin bliksem fan koe.
Ik fertel net hokker skipper it wie. Ek net hokker kommissaris. Want de geheimen fan it steatejacht binne hillich."