Boer út Aldeboarn siket finansiering fan bûtenút foar útwreiding fûgeltsjelân

Marten Dijkstra is biologysk boer en docht al jierren oan greidefûgelbehear. Fan de 53 bunder lân dy't by syn buorkerij yn Aldeboarn lizze, hat er sa'n tweintich bunder ynrjochte foar fûgeltsjelân. Dijkstra wol dit graach útwreidzje en hat dêr ek de kâns foar, mar de finansjele middels ûntbrekke. Dêrom siket er help fan bûten.
Boer Marten Dijkstra fan Aldeboarn siket finansiering foar útwreiding fûgeltsjelân
Troch de ferhuzing fan syn buorman dy't ek biologysk wurket, komt der fuort njonken it lân fan Dijkstra 33 bunder frij. Omdat it al biologysk bewurke wurdt, is it tige geskikt om oan syn bedriuw ta te heakjen en tagelyk fierder te ekstinsivearjen.
Sa komt der mear romte om syn kij te weidzjen. Boppedat kin it gebiet foar de fûgels flink útwreide wurde. Ekonomy en ekology byinoar bringe, neamt er dat. Dijkstra is net fan doel om mear kij oan te hâlden. Hy melkt op dit stuit sa'n 57 kij.

Druk op de tsjettel

Dijkstra hopet in eksterne finansier (of finansiers) te finen dy't it lân oankeapet en foar in net al te hege pacht oan him ferhiere wol. Der sit wol druk op de tsjettel, want der moat foar 1 juny in bod lizze. By de grûnprizen fan no soe it om in ynvestearring gean fan sa'n oardel miljoen euro.
De útwreiding moat it begjin foarmje fan in grutter plan dat Dijkstra yn de holle hat. Yn de kommende jierren komt der noch mear lân frij yn de polder dêr't Dijkstra wennet. "As dat der ek allegearre by komt, kin hjir ien fan de moaiste greidefûgelgebieten fan Fryslân ûntstean fan sa'n 120 bunder."
Foar de finansiering tinkt er ek oan foarmen as crowdfunding en belutsenens fan Aldeboarn, it doarp dêr't syn lân oan grinzet. Dijkstra neamt syn idee in moaie dream. "Je moatte optimistysk wêze. Dit is wat minsken graach wolle, dus ik tink dat it wol wurdearre wurdt."
Twa wylpen © Omrop Fryslân, Remco de Vries