Bouwmeester klimt fan tsiende nei sânde plak op EK

22 maaie 2019 - 07:39

Olympysk sylkampioene Marit Bouwmeester stiet nei twa dagen op it EK Laser Radial yn Porto op it sânde plak yn it algemien klassemint. Tiisdei waard de titelhâldster yn de tredde en fjirde race fan it kampioenskip fjirtjinde en achtste.

Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Bouwmeester klom troch de prestaasjes fan tiisdei trije plakken yn it klassemint, nei de earste dei stie se tsiende.

Anne-Marie Rindom út Denemarken giet nei twa dagen oan de lieding. Op it twadde plak stiet Emma Plasschaert út België. Tredde stiet Line Flem Höst út Noarwegen.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester EK sile
(advertinsje)
(advertinsje)