Triennen, pikefel en bysûndere ferhalen by betinking 'razziawedstriid'

21 maaie 2019 - 23:09

Tiisdei waard yn Snits in betinkingswedstriid spile om stil te stean by it feit dat eksakt 75 jier lyn, by it fuotbalduel tusken de distrikten Noard (mei Abe Lenstra) en West (mei Kick Smit), in razzia hâlden waard. By dy razzia waarden 21 manlju oppakt. It wie ûnderdiel fan de boekpresintaasje fan skriuwer Peter van der Meeren, dy't it boek '21 man' skreaun hat oer it drama.

De wedstriid luts sa'n 1.500 taskôgers. Ekstra bysûndere gasten wiene twa manlju dy't yn 1944 ek by de razziawedstriid op 'e tribune sieten. Libbe Nauta wie doe 16 jier. "Eerst was het alsof er niks aan de hand was. Later toen kwam er een beetje paniek. De toeschouwers konden er niet wegkomen. Om het terrein stonden allemaal Duitsers, je kon niet ontsnappen." Nauta syn broers waarden meinaam.

Anne van der Werf wie der ek by. "Ik siet op de tribune minsken harren plak te wizen. Dat wie myn taak. Doe seagen we ynienen oeral om ús hinne Dútsers. Dat wie mâl."

Van der Werf tinkt altyd twaslachtich werom oan dy dei. "Ast it achternei besjochst, hiene we dochs wol wille." Hy holp, tegearre mei oare manlju, in soad minsken ûntsnappen.

Hiltsje Grondsma fan Heech mocht it earste eksimplaar fan Peter van der Meeren syn boek yn ûntfangst nimme. De healbroer fan har pake, Willem Rienstra, waard doedestiids oppakt by de razzia. "As lyts bern hearde ik it ferhaal altyd al, mar no wurdt it ferhaal útwreide en binne der mear details bekend", fertelt se.

Mei Willem Rienstra rûn it net goed ôf. "Hy is ferstoarn út in konsintraasjekamp. No is it echte ferhaal nei boppen kaam." Hiltsje fynt it geweldich dat Van der Meeren de manlju in gesicht jûn hat. "Ik fyn it sa moai dat dit de wrâld ynbrocht wurdt en dat minsken witte wat der bard is."

Frysk arbitraal trio

De wedstriid stie ûnder lieding fan in Frysk arbitraal trio: Hessel Steegstra, Jan de Vries en Erwin Zeinstra. Sy hienen in tenu oan sa't dat eartiids der ek út seach: yn in wyt oerhimd mei pak. Dêr't in soad Snitsers doe kamen foar de grutte Abe Lenstra, wie dat dizze kear net oars foar Hearrenfean-spiler Michel Vlap.

Tegearre mei de coach Jan Vlap foarme hy mei oare fuotballers út Snits Team Noard. De wedstriid einige yn in 3-5 oerwinning foar de gasten út it westen fan it lân. Der waard lykas yn 1944 troch skiedsrjochter Hessel Steegstra ôfluite yn de 81e minút, doe't de skiedsrjochter de wedstriid stopsette moast fanwege de razzia.

(advertinsje)
(advertinsje)