Follybalsuskes Jasper ferlieze mei Nederlân earste wedstriid fan Servië

21 maaie 2019 - 22:34

De Nederlânske follybalsters, mei de Fryske suskes Marrit en Hester Jasper, ha net foar in ferrassing soarge yn de earste wedstriid fan de Volleybal Nations League. Yn Belgrado wie regearjend wrâldkampioen Servië mei 25-15, 25-22 en 25-19 dúdlik te sterk foar de jonge Nederlânske ploech.

Marrit Jasper en Hester Jasper - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It is foar it earst dat debutant Hester Jasper en Marrit Jasper tegearre yn de seleksje fan it Nederlânske team spylje. Bûnscoach Jamie Morrison sei ôfrûne wike noch dat der in "little chance" bestiet dat de beide suskes tegearre spylje sille yn it jonge team sûnder soad fêste spilers.

Debút foar Hester Jasper

Marrit begûn de wedstriid tsjin Servië yn de basis. Yn de earste set wiene de follybalsters kânsleas en gie de set mei 25-15 nei Servië. De twadde set wie in stik spannender. Dêryn makke ek Hester har debút. Se ferfong har sus Marrit en koe krekt net foarkomme dat de set mei 25-22 ferlern gie. Ek yn de tredde set koene de follybalsters net genôch tsjinwicht biede tsjin it sterke Servyske team: 25-19.

Kommende woansdei spilet Nederlân de twadde wedstriid tsjin Turkije, tongersdei is Súd-Koreä de tsjinstanner.

(advertinsje)
(advertinsje)