Skeafûns foar dupearden MSC Zoe fan de baan

21 maaie 2019 - 22:30

Der komt gjin skeafûns om dupearden fan de ramp mei de MSC Zoe mei te beteljen. Dat meldt RTV Noord. De Twadde Keamer hat tiisdei de moasje fan PvdA-keamerlid William Moorlag foar sa'n fûns ôfwiisd. Ek syn foarstel om ta in neisoarchfûns te kommen foar takomstige ekologyske skea krige net genôch stipe.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Dat jildt ek foar oare moasjes dy't foarige wike yntsjinne waarden by it debat oer de kontenerramp. Sa krige de Partij voor de Dieren gjin stipe foar it iepenbier meitsjen fan de frachtbrieven.

In oantal oare moasjes oer de neisleep fan it oerboard slaan fan de 342 konteners is oanhâlden foar lettere behanneling.

Effektivere ynset frijwilligers

De moasje fan it CDA dêr't yn oproppen waard ûndersyk te dwaan nei effektivere ynset fan frijwilligers en gebietssaakkundigen by in ekologyske ramp, waard foarige wike by it debat al oernaam troch minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)