Plysje docht ûndersyk nei drugs yn Ljouwerter loads

21 maaie 2019 - 22:01

De plysje is sûnt tiisdeitemoarn dwaande mei in ûndersyk yn in loads oan de Mr. P.J. Troelstrawei yn Ljouwert. Neffens wurdfierder Ernest Zinsmeyer fan de plysje Noard-Nederlân giet it om in stap yn in al langer rinnend drugsûndersyk. Mear wol Zinsmeyer der fanwege dat rinnende ûndersyk net oer kwyt.

Foto: Nick den Boer/ProNews

De loads stiet achter in bedriuwspân oan de Mr. P.J. Troelstrawei. It terrein is bestimpele as 'plaats delict' en is dêrom ôfset mei linten. Nei alle gedachten giet it ûndersyk woansdei fierder.

(advertinsje)
(advertinsje)