Stifting Vrouwenvoetbal Heerenveen stelt tydlik bestjoer oan

21 maaie 2019 - 21:58

Mei it oprjochtsjen fan in nije stifting Vrouwenvoetbal Heerenveen kinne der folgjende stappen setten wurde om it frouljusfuotbal op earedifyzjenivo op It Hearrenfean in goede trochstart meitsje te litten. Om gau hannelje te kinnen en fierdere ôfspraken te meitsjen, is der earst in ynterim-bestjoer oansteld foar de stifting.

Argyffoto mei Tiny Hoekstra en Fenna Kalma - Foto: www.orange-pictures.nl

Hylke van der Veen, Anne Jochum de Vries en Adriaan Dillema foarmje dat ynterim-bestjoer. Sy wurkje yn in deistich libben respektyflik by SC Hearrenfean, Sport Fryslân en de gemeente Hearrenfean.

Taken tydlik bestjoer

Dit tydlike bestjoer hat as taak it realisearjen fan in soepel oergong nei in nije situaasje. Dat betsjut ek dat sy mei it hjoeddeistige bestjoer fan Vrouwenvoetbal Heerenveen meitsje foar in goede oerdracht. Ek soarget it ynterim-bestjoer derfoar dat de spylsters en it personiel rekkenje kinne op in goede tarissing en start fan it nije seizoen. Ta beslút sil it ynterim-bestjoer sa gau as mooglik in nij bestjoer foar de stifting gearstalle.

It is de bedoeling dat dit foar 1 augustus bart. Boppesteande taken sille útfierd wurde yn gearwurking mei de kertiermakker, Bjernt van Popta.

150.000 euro

It foarmjen fan in nije stifting wie ien fan de betingsten foar it ûntfangen fan in bydrage fan de KNVB en de betelle fuotbalorganisaasje SC Hearrenfean. De gemeenteried fan Hearrenfean hat op moandeitejûn grien ljocht jûn foar it beskikber stellen fan in bydrage fan maksimaal 150.000 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)