Minister Wiebes: gjin nije proefboarring nedich foar gaswinning Weststellingwerf

21 maaie 2019 - 21:40

Neffens minister fan Ekonomyske Saken Eric Wiebes is it net nedich om in proefboarring út te fieren foardat der boarre wurde kin nei gas yn Weststellingwerf. Dat sei de minister tiisdeitemiddei op fragen fan keamerlid Tom van der Lee fan GroenLinks. It ûntbrekken fan in proefboarring wie foar it kolleezje fan B en W diels de oanlieding om in negative sjenswize yn te tsjinjen by it ministearje.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Enerzjybedriuw Vermilion wol yn de gemeente Weststellingwerf 500 miljoen kubike meter gas út de grûn helje. It hat tastimming krigen om te boarjen nei gas by in fjild yn de buert fan Noardwâlde. De Twadde Keamerfraksje fan GroenLinks fynt dat der sûnder proefboarring net goed ynskatten wurde kin wat alle risiko's binne op bygelyks boaiemfersakking of oare skealike effekten.

De minister is it dêr net mei iens. Trochdat der by Weststellingwerf al gas wûn wurdt, is al bekend wat de eigenskippen fan it stiente yn it nije gasfjild binne, seit de minister yn in reaksje op de fragen. Dêrom is neffens minister Wiebes in nije proefboarring fan Vermilion net nedich, mar moat it bedriuw wannear't se boarje wol foldwaan oan de betingsten dy steld binne yn it winningsplan.

De koälysjepartijen en it kolleezje fan B en W ha yn in earder stadium al oanjûn tsjin nije boarringen by Noardwâlde te wêzen.

(advertinsje)
(advertinsje)