Belangryk jier foar motorocrossers Prikkedaam

21 maaie 2019 - 21:26

It is in belangryk jier foar motorcrossferiening Prikkedaam en it crossterrein by Makkingea. Der binne maatregels naam tsjin lûdsoerlêst en de gemeente Eaststellingwerf is dwaande mei in nij bestimmingsplan. Sa hopet de club der mei de gemeente en de omwenners út te kommen.

De 73 jier âlde motorcrossbaan Prikkedaam is unyk kwa lizzing en ûndergrûn mei it sân. De belangstelling is dan ek grut foar de wedstriden. Ek fan in soad jonge leafhawwers. Yn dy sin is der wol takomst foar de klup.

De gemeente Eaststellingwerf moast de ôfrûne tiid boetes jaan doe't der tefolle lûd makke waard. De baan wie sels in skoft ticht en it byld ûntstie dat de gemeente fan Prikkedaam ôf woe. Mar neffens wethâlder Marcel Bos binne se dwaande mei in nij bestimmingsplan dêr't ek plak is foar motorcrossen. De gemeente moat nei jierren fan striid foar oktober dúdlikheid jaan oan de crossers en de omjouwing.

Wethâlder Bos tinkt dat dat dit kear slagget, omdat de Ried fan Steat de gemeente dêrta ferplichte hat. Neist in dúdlik bestimmingsplan bliuwe fergunnings nedich foar de eveneminten.

Start crosswedstriid kompetysje DMX-Noord - Foto: Ronnie Porte

De omwenners binne neffens foarsitter Wout van der Molen positiver wurden. Al jouwe de buorman en syn frou wol oan dat se alles kritysk folgjen bliuwe en dat se dochs noch net oertsjûge binne dat alles aanst oan de wet foldwaan sil. Oant no ta hawwe se mei sukses prosedearre tsjin bestimmingsplannen foar Prikkedaam, dêr't se it net mei iens wienen.

Se wolle dat de crossers ferhúzje. "De provincie heeft destijds een cruciale fout gemaakt met het verlenen van de milieuvergunning", seit Roel van Rossem. By harren nimt de frustraasje ta en de sfear tusken de partijen is bedoarn, fine de Van Rossems.

Kompetysje DMX-Noord 8 o/m 12 jier - Foto: Ronnie Porte

De club hat yntusken maatregels naam. Mei skermen by de baan tsjin lûdsoerlêst, isolaasje fan galmjende muorren en it oanpassen fan bulten, sadat der minder desibellen lûd makke wurde. Dêrneist organisearret de feriening hieltyd faker eveneminten mei minder lûde dielnimmers, lykas mountainbikers en kuierders.

It nije bestimmingsplan moat yn juny nei de gemeenteried en yn oktober wurdt der in beslút oer naam. En dan moat it bestimmingsplan Ried fan Steat-bestendich wêze.

(advertinsje)