Alex Riemersma: "Meitsje no ek mear romte foar Frysk op fuortset ûnderwiis"

It wurdt tiid dat de twatalige skoallen foar fuortset ûnderwiis yn Fryslân ek it Frysk in goed plak jouwe yn in meartalige oanpak. Mei dat advys kaam tiisdei de Ljouwerter Alex Riemersma op syn ôfskied as lektor Frysk & Meartaligens by hegeskoalle NHL Stenden. Riemersma fynt dat it Frysk yn it basisûnderwiis de lêste tsientallen jierren in moaie ûntwikkeling trochmakke hat, seker op de trijetalige basisskoallen.
De bondel Rispje en siedzje waard presintearre op it ôfskied fan Alex Riemersma © Omrop Fryslân
Alex Riemersma oer syn ôfskied as lektor
De resultaten fan dy skoallen binne oer it generaal goed; wylst de behearsking fan it Nederlânsk op nivo is, is it Frysk en it Ingelsk fan bern op trijetalige skoallen folle better as op net-trijetalige skoallen. In soad fan de trijetalige basisskoallen wolle dêrom net mear oars. Boppedat hat it Frysk op in soad basisskoallen in better plak krigen. It is net allinnich mear de taal fan in isolearre leske en skoaltelefyzje, de taal wurdt ek mear by oare aktiviteiten en fakken brûkt as fiertaal.
Mar de oansluting op it fuortset ûnderwiis is noch hieltyd in probleem. Der binne eins mar twa skoallen dy't meartalich fuortset ûnderwiis oanbiede mei dêryn ek in goed plak foar it Frysk. "Dêr sit foar my wol wat profesjonele frustraasje", jout Riemersma op syn ôfskied ta. "Wy hawwe yn Fryslân ferskate skoallen foar twatalich fuortset ûnderwiis, mar dy dogge net folle of hast neat foar it Frysk, wylst it neffens my geweldich foar de hân leit om it Frysk mei te nimmen yn de meartalige oanpak."
Alex Riemersma oer syn ôfskied as lektor
Alex Riemersma hie sels it lêste wurd op syn ôfskied © Omrop Fryslân
Alex Riemersma oer syn ôfskied as lektor
Riemersma naam tiisdei ôfskied yn de foarm fan in 'ynspiraasjemiddei' mei ferskate sprekkers. Op de middei waard ek de bondel 'Rispje en siedzje' presintearre mei artikels oer de resultaten fan de lektoraten Frysk & Meartaligen en Taalgebruik & Leren op Hegeskoalle NHL Stenden. De twa lektoraten smite no de lapen gear en hjitte tenei "Meartalighheid en geletterdheid".
Alex Riemersma kombinearre al hiel lang it wurk yn it ûnderwiis mei in baan as taalamtner by de provinsje Fryslân. Riemersma waard dêrom ek wurdearjend tasprutsen troch kommissaris fan 'e kening Arno Brok. De kommissaris en Riemersma giene koartlyn noch tegearre op tsjinstreis nei de Faeroër-eilannen om kontakten te lizzen yn it ramt fan meartaligens en minderheidstalen. "It wie in eare om mei jo op reis te gean, safolle witte jo fan de matearje ôf", spruts de kommissaris.

Ynternasjonaal warber

De ôfskiednimmende lektor is ek al tsientallen jierren ynternasjonaal warber op it mêd fan minderheidstalen by organisaasjes as it Network to Promote Linguistic Diversity NPLD en it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT. By besites oan oare Europeeske regio's hat Riemersma leard dat it Frysk it hielendal net sa hiel min docht.
"It Frysk is in goeie middenmoater. Der binne yn Europa in soad talen dy't noch folle lytser en kwetsberder binne as wy." Regio's as Sleeswyk-Holstein yn Dútslân en Kasjoebië yn Poalen sjogge sels wol nei Fryslân as foarbyld. "As je sjogge hoefolle net-Friezen yn Fryslân Frysk leare dogge wy it hielendal net sa min. Yn guon oare dielen fan Europa sjogge se dêr fan op."

Mear as in hobby

Meartaligens is foar Riemersma mear as in hobby foar Frysksinnigens en taalleafhawwers. Neffens him is meartaligens yn it Europa fan hjoed-de-dei de realiteit, ek as je sjogge nei flechtlingen en minsken dy't út it bûtenlân komme. "As je dan sels in meartalich lân binne, dan kinne je dêr je foardiel mei dwaan, mar dan moatte je dêr wol goed mei omgean en dy meartalichheid stimulearje." Foar it nije provinsjaal bestjoer hie Riemersma ek noch in winsk: "Ik hoopje dat de taalskipper koers hâldt en de wyn yn 'e seilen krijt."