Henk de Jong foar return tsjin Cambuur: "De spanning sit derop"

21 maaie 2019 - 19:53

De druk op De Graafschap is grut foar de return yn de play-offs tsjin SC Cambuur. De ploech fan Henk de Jong en Sandor van der Heide spile de earste wedstriid yn it Cambuurstadion mei 1-1 lyk, mar de Doetinchemmers wolle mear. Nammentlik folgjend jier ek yn de earedifyzje spylje.

De sfear op De Vijverberg yn Doetinchem is "bêst" neffens De Jong. "Wy ha kritysk nei ús sels west oer wat we oars dwaan moatte. Mar, de spanning sit derop. It giet om yn de earedifyzje bliuwe. Dêr moatte wy alles foar oer ha."

De Jong likegoed as Cambuur-trainer René Hake spruts nei de wedstriid fan snein oer in goeie útgongsposysje. Mar, dan sil der by De Graafschap wol wat oars moatte. "Wy ha goeie kâns om fierder te kommen. Mar dan moatte wy it ferdigenjend better foarinoar ha. En de kânsen dy'tst krijst, dy moatst meitsje", sa seit de Drachtster coach.

By Cambuur is der allinne noch wat tsjinslach. Ferdigener Emmanuel Mbende is skorst troch syn reade kaart yn de earste wedstriid snein. De Jong tinkt net dat it in soad ynfloed hat by de Ljouwerters: "It is in belangrike spiler. Mar, wy binne allegear oan it puzzeljen. Dêr makket René Hake him net sa drok om."

Strafskoppen

Opfallend wie dat de Doetinchemmers op de lêste training tiisdei noch efkes strafskoppen naam hawwe. Fabian Serrarens krige snein in penalty, dy't Xavier Mous pakte. De Jong: "Je moatte op alles taret wêze. Fan dêr dat wy der op traind ha. Se giene der allegear yn, dus dat skeelt", laket de coach.

Assistint-coach Sandor van der Heide hat snein geniete doe't er werom wie yn it Cambuurstadion. "De sfeer was top", begjint de Ysbrechtumer. "Wij willen erin blijven met De Graafschap en wij hebben een goed resultaat gehaald, maar als je de kansenverhouding ook ziet, hadden wij hem moeten beslissen. Maar dat hebben wij niet gedaan en dus is het morgen nog spannend."

Foar de wedstriid waard der troch de bûtenwacht in hiel soad sein oer De Jong en Van der Heide. Om't se folgjend jier trainer binne by Cambuur, fûnen guon minsken dat se dan net op de bank sitte koene tsjin De Graafschap. Dêr hat Van der Heide him wol oan steurd. "Het is heel simpel. Wij willen door en ons handhaven en dat gaat ten koste van Cambuur dan. Dat is sneu voor Cambuur, maar dat hoort er wel bij. Anders hadden we het niet moeten doen."

Ek foar woansdei ferwachtet de âld-Cambuurspiler wer spektakel. "Het zijn vergelijkbare clubs, zodat het weer een heel mooi potje kan worden met alles erop en eraan. Met ons hopelijk als winnaar van het veld."

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)