Kulturele Haadstêd-projekt 'Taal yn Byld' kriget ferfolch

21 maaie 2019 - 19:32

It Kulturele Haadstêd-projekt 'Taal yn Byld' kriget in ferfolch. It memmetaalprojekt waard foarich jier yn it libben roppen. Doel: minsken sjen litte dat se grutsk op harren memmetaal wêze meie. En dat is nedich, want oer de wrâld hinne stiet sa'n 40 persint fan de talen ûnder druk.

Foarich jier diene sân basisskoallen yn Ljouwert mei oan it projekt 'Taal yn Byld'. Bern learden harren eigen taal wurdearjen, mar learden ek oare talen fan oare bern kennen. Op dizze wize waard der oandacht jûn oan meartaligens.

Dit jier wolle oare skoallen ek oan it projekt meidwaan. De Dr. Algraskoalle yn Ljouwert is der al mei úteinsetten.

(advertinsje)
(advertinsje)